Trekker yn de brân by Leons

04 jun 2006 - 14:58

Yn Leons is sneontejûn in trekker yn de brân flein. Dat barde neidat in meiwurker fan in mechanisaasjebedriuw besocht de trekker te meitsjen. Dy wie stikken gongen by it gersskodzjen.

De branwacht fan Mantgum waard oproppen om it fjoer te dwêsten. Dy hat skom brûkt om de brân út te krijen. De brân soarge foar flink wat reekûntwikkeling en wie dêrtroch op flinke ôfstân te sjen. De trekker is folslein ferlern gien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)