Trekker rydt troch spoarboom

18 jan 2011 - 10:32

De plysje siket de bestjoerder fan in trekker dy't moandeitemiddei in spoarboom by Akkrum stikkenriden hat. In tsjûge seach dat de trekker mei djiplader it spoar by de Alde Rykswei oerstuts. Dêrby rekke er de spoarboom en dy bruts ôf. De trekkerbestjoerder ried troch.

De spoarboom koe nei de oanriding net mear brûkt wurde. Dêrom moast de plysje it ferkear regelje. Spoarbehearder Pro Rail hat de spoarboom ûnderwilens ferfongen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)