Trekker op de kop yn de sleat mei trije minsken deryn

28 jul 2015 - 20:00
  • De trekker by Wolsum

Yn in stik greide by Wolsum is tiisdei oan de ein fan de middei in heit mei twa bern yn in trekker op de kop yn de sleat telâne kaam. Se binne sels út de trekker kaam en wiene oansprekber. It jongste bern fan acht moanne âld hie wol in skoftsje ûnder wetter lein. De heit en de beide bern binne foar ûndersyk oerbrocht nei it sikehûs yn Snits.

Ut foarsoarch is de traumahelikopter ek nei it sikehûs flein. Oer de oarsaak fan it ûngelok is noch neat bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)