Trekker mei ballon omheech

18 jun 2003 - 00:00

In ballon dy't in lânboutrekker fan 1800 kilo optilt en de loft ynlûkt. Dy unike stunt waard tiisdei útfierd troch de Bantegea Oldtimer Club yn Bantegea. De koer dy't oars ûnder de ballon hinget, wie ferfongen troch in trekker. Dêrop wiene de branners montearre.

In pear hûndert taskôgers seagen ta hoe't Jelke Haven út Jiskenhuzen de motor starte en op 'e trekkerstoel de branners betsjinne. Gewoanlik ferfiert Jelke gasten yn 'e ballonkoer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)