Trekker klem ûnder brêge

31 aug 2010 - 10:41

In 23-jierrige ynwenner fan Frjentsjer is moandeitemiddei mei syn trekker klem kommen te sitten ûnder de spoarbrêge oan de James Wattstraat yn Ljouwert. De man tocht dat hy der krekt ûndertroch koe, mar it koe dus krekt net. De gyk fan de meanmasine wie te heech. De bestjoerder rekke ferwûne omdat de trekker ynienen stil stie. Hy moast nei it sikehûs.

De spoarbrêge rekke net skansearre en nei in ynspeksje troch Prorail koe it treinferkear wer gewoan trochride.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)