Trekker en fyts apart op dyk

15 jan 2013 - 22:38
  • Motor strûpt ûnder trekker

Trekkers en fytsers moatte inoar de kommende jierren op hieltiid minder plakken tsjinkomme op de dyk. Tal fan paralleldiken wurde dêrom dit jier ferbean terrrein foar trekkers: om fytsers de romte te jaan moatte de trekkers nei de gewoane dyk. Dit jier noch bart dat op de N393 tusken Minnertsgea en Tsjummearum en de N356 tusken Holwert en Dokkum.

Takom jier komme de trekkers tusken it autoferkear op de N927 tusken Spannenburg en Sint Nyk te riden. Yn Fryslân gebeure mear swiere ûngelokken mei trekkers as yn de rest fan it lân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)