Trekker botst op auto op De Splitting yn Drachten

12 feb 2015 - 14:52
  • De trekker botste achterop de auto

In 51-jierrige frou út Beetstersweach is tongersdeitemoarn licht ferwûne rekke by in ûngelok op de Splitting yn Drachten. Krekt nei acht oere ried de frou yn de auto op de Splitting. Doe't se ôfslaan soe en remme, seach in 16-jierrige trekkersjauffeur út Surhuzum te let dat de frou stilstie. De jonge botste mei de trekker achterop de auto.

De frou is foar kontrôle nei it sikehûs brocht om't se lêst fan 'e nekke hie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)