Trekker baarnt folslein út

04 aug 2007 - 17:22
  • der wie in soad reek (foto: JRF/Jaring Rispens)
  • de brânwacht dwaande (foto: JRF/Jaring Rispens)

Yn de greide by Winsum is sneontemiddei in trekker folslein útbaarnd. Ek de oanhinger is ferlern gien. Omstanners hawwe noch besocht it fjoer te blussen mar de brânwacht moast dochs ynskeakele wurde. Dy hie it fjoer gau ûnder kontrôle.

Oer de oarsaak fan de brân is noch neat bekend. De bestjoerder fan de trekker wie sa slim skrokken dat er nei hûs brocht is. De plysje sil noch mei him prate.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)