Treinwarskôging foar omwenners

06 des 2010 - 15:25

Prorail warskôget omwenners fan spoarwegen dat der mear treinen ride fan Ljouwert nei Grins en Snits. Dêrfoar stjoert de spoarbehearder in spesjale brief mei de nije treintiden nei de bewenners.

Minsken dy't by it spoar wenje, stekke de oerwegen faak oer út gewoante. As der gjin spoarbomen, bellen en ljochten binne, kin dat gefaarlik wêze. De spoarbehearder warskôget ek skoalbern goed út te sjen foar treinen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)