Treinútfal yn wykein

17 okt 2009 - 14:02

Tusken Bûtenpost en Grins ride dit wykein gjin treinen mar bussen. Dat komt omdat der oan it stik spoar wurke wurdt. Reizgers moatte rekken hâlden mei 30 minuten ekstra reistiid.

Tusken Snits en Starum moat ek rekken hâlden wurde mei ekstra reistiid, mooglik wol in oere. Dat komt omdat ek oan dat stik spoar wurke wurdt. Dat wurk duorret oant en mei 30 oktober.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)