Treintiden te krap

12 feb 2008 - 15:00
  • De Spurt: te krappe riidtiden om fertragings yn te heljen

De tsjinstregeling op it trajekt Ljouwert-Harns is sa strak dat der gjin tiid is om fertragings yn te heljen. Dat seit ferfierder Arriva nei it grutte tal fertragings fan mear as fiif minuten op dat spoar.

Ferline jier sette Arriva nije treinen yn en dy foelen wol gauris út. Troch de treinen ek op it trajekt nei Starum yn te setten, dêr't mear romte is om tiid yn te heljen, hopet Arriva it probleem te ûnderfangen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)