Treinsteuring tusken Starum en Snits soarge foar fertraging

15 des 2014 - 10:43

Treinreizgers tusken Starum en Snits hawwe moandeitemoarn goed oardel oere fêstsitten. De trein hie te krijen mei in technykse steuring. De wagons stienen stil tusken Starum en Molkwar. Troch de steuring foelen ek twa oare treinen út.

Ferfierder Arriva sette dêrom bussen yn tusken Starum en Snits. Tsjin 9 oere ried de trein wer. Arriva ûndersiket de oarsaak fan de steuring.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)