Treinsteuring duorret sân oeren

24 aug 2006 - 09:02

It útfallen fan de kompjûterferbining tusken Ljouwert en Grins hat de oarsaak west fan de grutte treinstoaring. Fan sân oere jûns ôf koene der gjin treinen Ljouwert yn en út ride. De seinen en wiksels om stasjon Ljouwert hinne wurde betsjinne fanút de treindienstleidingspost yn Grins, mar dat slagge net.

Nei in softwareoanpassing wie nachts healwei trijen alles wer yn oarder. Moarns rieden de treinen wer gewoan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)