Treinrit Schiphol moat rapper

12 sep 2013 - 07:32
  • De treinen moatte stadich oer de spoarbrêge

De steate-fraksjes fan de PvdA yn Fryslân, Grinslân, Drinte en Oerisel komme hjoed mei in brief oer de berikberheid fan Schiphol foar Noard-Nederlân. Dy moat ferbettere wurde, sa sizze de fraksjes yn it brief oan de lanlike PvdA-fraksje.

De fraksjes slute oan by de oprop fan direkteur Jos Nijhuis fan de Luchthaven. Hy fynt dat it wurk oan it spoar tusken Schiphol en Lelystêd fierstente lang duorret. De berikberens fan Schiphol stiet hjoed op de aginda fan de Twadde Keamer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)