Treinramp troch miskommunikaasje

29 mrt 2001 - 00:00

De treinramp yn België fan tiisdei is foar in part te witen oan miskommunikaasje. In Flaamske seinjouwer begrypte de warskôging fan syn Waalske kollega net, sa docht bliken út bânopnames.

De Waal frege de seinjouwer yn it Frânsk de trein stopje te litten. Dy frege om in herhelling yn it Nederlânsk. Flak dêrnei foel de ferbining fuort. By de ramp kamen acht minsken om it libben.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)