Treinproblemen Starum oer

30 sep 2007 - 12:03

Treinreizigers tusken Ljouwert en Starum hawwe sneon seis oeren lang lêst hân fan in stikkene trein by Starum. De trein stie stil op it spoar, dêrtroch koenen oare treinen net fierder as oant Hylpen ride. Op de rest fan it trajekt moasten bussen ynset wurde.

Middeis om tweintich oer fjouweren koe it stikkene treinstel fan de baan helle wurde. Dêrnei kaam it treinferkear wer stadichoan op gong.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)