Treinnammen fergees nei museum

17 sep 2013 - 10:58
  • Arrivatrein yn Ljouwert

Minsken mei in 'treinnamme' meie oant en mei 13 oktober fergees it Hannemahûs yn Harns yn. Dêr is oant dy datum de tentoanstelling '150 jier spoarline Harns-Ljouwert' te sjen. Trijntje, Djoeke, Seinen en Overweg, mar ek Stoker, Lok en Meester of oare foar- en achternammen dy't te krijen hawwe mei trein en spoar, meie op fertoan fan it identiteitsbewiis fergees it museum yn.

Yn it lêste wykein fan de tentoanstelling fine bysûndere aktiviteiten plak. Sa rydt bygelyks tusken Ljouwert en Harns in kulturele trein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)