Treinmasinist ûntdekt ynbraak

12 des 2011 - 10:59

By in bedriuw oan De Werf op It Hearrenfean binne sneintemiddei trije ynbrekkers oanhâlden troch de plysje. It bedriuw sit flakby it spoar en de masinist fan de trein seach de fytsen fan de ynbrekkers lizzen. Sa waard de plysje warskôge en dy fûn de trije efter in grutte kontener. It ynbrekkersark lei derby.

De ynbrekkers binne meinommen nei it plysjeburo en yn de sel set foar fierder ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)