Treinkaartsjes: Utspraak NMA

23 jul 2012 - 14:00
  • De NS automaat ferkeapet ek kaartsjes foar oare maatskippijen

Ferfiersbedriuwen Arriva en Connexxion soene fan in ûnôfhinklike partij it jild tabedield krije moatte út de kaartsje-automaten fan de NS. Dat fynt de Nederlandse Mededingings Autoriteit NMA. Op dit stuit docht de NS dy ferdieling sels. Neffens de NMA soe dêrby sprake wêze kinne fan belangeferstrengeling.

It systeem is op dit stuit net sa transparant dat dat ek kontrolearre wurde kin. De kaartsje-automaten fan de NS ferkeapet treinkaartsjes ferkocht foar alle treintrajekten yn Nederlân, ek dy fan oare ferfiersmaatskippijen as Arriva.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)