Treinfertraging yn it wykein

27 okt 2010 - 19:16
  • De treinreis nei it westen duorret it kommende wykein langer

Treinreizgers fan Ljouwert nei de Rânestêd moatte kommend wykein rekken hâlde mei fertraging. Tusken Swol en 't Harde ride it hiele wykein gjin treinen troch wurksumheden oan de Hanzelijn. Dat is in nije spoarline tusken Swol en Lelystêd.

Reizgers wurdt advisearre om oer Dimter (Deventer) nei Amersfoort te reizgjen. Neffens de NS is der in ekstra reistiid fan in kertier oant in goed heal oere.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)