Treinfertraging Ljouwert-Grins

06 maaie 2011 - 16:43
  • De trein nei Grins (foto: Omrop Fryslân)

De treinfertraging tusken Grins en Ljouwert is foarby. Freedtemiddei en it begjin fan de jûn wie der in steuring oan de oerwei. De spoorbomen by Súdhorn wiene nei ûnderen. Treinen krigen dêrom it teken om hiel stadich op de oergong ta te riden. Dat soarge foar de fertraging.

Reizgers wiene troch de fertraging tusken in kertier en in healoere langer ûnderweis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)