Treinferkear stillein om ponny

23 apr 2012 - 16:40
  • NS-trein

It treinferkear tusken It Hearrenfean en Ljouwert hat moandei in heal oere stillein fanwege in ponny dy't by it spoar delrûn. De Shetlandponny is eigendom fan in man út It Hearrenfean.

De fertraging wie de middeis tusken healwei fjouweren en fjouwer oere. De NS hat gjin bussen ynset. De spoarweiplysje hat de saak ôfhannele. It is net bekend oft de ponny-eigener in boete kriget.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)