Treinferkear plat troch steuring

10 okt 2006 - 23:05

In kompjûtersteuring hat tiisdei foar grutte problemen soarge yn it Fryske treinferkear. Sa kamen der treinen fêst te sitten by Akkrum, Dronryp en Mantgum en ek de treinen op it stasjon yn Ljouwert koene net mear fan harren plak ôf komme. Inkele hûnderten reizgers kamen fêst te sitten op it stasjon.

Om goed healwei njoggenen kaam it treinferkear wer op gong. De steuring hat goed twa en in heal oere duorre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)