Treinferkear haven Harns stil

12 des 2007 - 10:42

Yn Harns is woansdei it treinferkear nei de haven stillein omdat der in stik stien fan de coupure lossit. Dat stik is in 2 meter lang in meter breed en ek in meter heech. As it stik stien loskomme soe, soe dat gefaar opleverje kinne foar it treinferkear. Hoe't it stik stien losrekke, is net dúdlik.

Neffens it wetterskip giet it om in stik fan de coupure dat toch al sloopt wurde moat. De sterkte fan de seekearing soe ek net yn gefaar wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)