Treinfergoeding net foar Fryslân

18 jun 2001 - 00:00

Dupearre treinreizgers yn Fryslân krije gjin skeafergoeding fan Noordned. Troch ûnderhâldsproblemen falt ien op de trije treinen út yn it Noarden. Yn Fryslân binne de treinstellen koarter en falt der wolris in trein út.

Tusken Winschoten en Nieuweschans ride alhiel gjin treinen mear. Reizgers wurde dêr mei bussen ferfierd. Hja krije wol in skeafergoeding fan Noordned.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)