Treinen wurde net skjinmakke

21 jan 2003 - 00:00

De treinen fan Noordned wurde net skjinmakke om't de skjinmakkers stake. It personiel fan it ferfiersbedriuw hat moandeitenacht sels it materiaal kontrolearre op gefaarlik guod lykas ynjeksjespuiten. De FNV is der lilk om om't Noordned de aksje foar in bettere CAO brutsen hat. De staking wurdt mei 24 oeren ferlingd.

Hast al it personiel yn Ljouwert en Grins is ynskreaun as staker. Yn it lân wurdt de estafettestaking trochset.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)