'Treinen ride wer om 10 oere'

25 mrt 2014 - 09:06

Om 10 oere sille de treinen fan stasjon Ljouwert wer neffens de tsjinstregeling ride. Dat ferwachtet ProRail. In defekte boppelieding soarge tiisdeitemoarn foar in grutte gaos en fertraging foar reizgers rjochting Zwolle, Harns en Starum. De treinen nei Harns en Starum ride sûnt 9 oere wol wer.

De trein nei Zwolle stiet noch altyd stil. ProRail hat bussen ynset, dy't de reizgers nei Zwolle bringe. De boppelieding tusken Ljouwert en Zwolle wurdt yn tuskentiid ynspektearre. Wannear't dy ynspeksje posityf is, kinne de treinen wer ride.

De oarsaak fan it defekt oan de boppelieding is noch altyd ûnwis. De technyske ynstallaasje dy't stroom op de lieding set is stikken, wêrtrocht't de brânwacht fan 'e moarn om 7 oere de stroom fan de lieding helje moast.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)