Treinen ride wer neffens skema

28 okt 2006 - 08:14

De treinen op it spoar tusken Harns en Ljouwert ride fan sneon ôf wer neffens it gebrûklike tsjinstroaster. ProRail wurke de lêste wiken oan it spoar. Der riden doe allinnich bussen.

It spoar sels is ferfongen. At it goed is, soargje de treinen no foar minder leven en hawwe omwenners der minder lêst fan. It wurk is freedtejûn ôfsletten. Fan it minne waar fan de lêste wike ha de meiwurkers fan ProRail gjin lêst hân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)