Treinen glydzje net mear troch

29 okt 2010 - 10:29
  • It spoar op it stasjon fan Ljouwert is wer stroef makke

De problemen mei it trochglydzjen fan treinen op it stasjon fan Ljouwert binne oplost. De lêste jierren kaam it geregeld foar dat treinen troch it stjitblok op it stasjon rieden.

Ut ûndersyk hat bliken dien dat der in glêde laach op it spoar ûntstien wie, trochdat minsken yn de stilsteande treinen nei it húske giene. Der binne no ynstallaasjes delset dy't it spoar wer stroef genôch meitsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)