Treinen ferfongen troch bussen

06 jul 2007 - 21:11

Troch wurk oan it spoar ride der oant 18 july gjin treinen tusken Ljouwert en it Hearrenfean. Reizgers wurde salang mei bussen ferfierd. Dat kin wol fertraging opsmite.

Yn opdracht fan spoarbehearder ProRail wurkje sân ferskate bedriuwen op fjirtjin plakken oan it spoar. De ferfanging fan de spoarbrêge yn Akkrum is dêrby ien fan de grutste projekten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)