Trein tsjin izeren staaf riden

26 jan 2008 - 09:37
  • De staaf dy't in trein skansearre

Tusken Grou en Ljouwert, by Goutum, is freedtenacht om twa oere in trein tsjin in izeren staaf oanriden. Nei alle gedachten is it stik metaal op it spoar lein. De spoarweiplysje ropt tsjûgen op har te melden.

De trein hat lichte skea oprûn. Fierder is der in ûnderdiel fan de befeiliging fan it spoar fernield. Dat moat no wer makke wurde. Dêrtroch ûntstiet der fertraging by de treinen tusken Ljouwert en Grou.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)