Trein stil by Akkrum: lange fertraging Ljouwert-Zwolle

06 jan 2016 - 19:20
  • De trein stie in oere stil by Akkrum

It treinferkear tusken Ljouwert en Zwolle hat woansdei in skoft fertraging hân troch in stilfallen trein by Akkrum. De trein hie gjin kontakt mear mei de boppelieding, hoe't dat koe is net bekend. De stroom yn de trein foel ek út en dêrtroch sieten de passazjiers yn it tsjuster en yn de kjeld. Nei in oere koene se oerstappe yn in oar treinstel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)