Trein rydt jager dea by Dronryp

13 des 2003 - 00:00

Op it spoar tusken Deinum en Dronryp is sneontemoarn in man út Waalwijk oanriden troch in trein. It giet om in jager, dy't by de oanriding om it libben kaam. Nei alle gedachten hearde de man de trein net oankommen troch de stoarmige wyn.

De masjinist hearde wol in klap, mar tocht dat it om in bist gie. Pas by de folgjende trein waard dúdlik dat it om in minske gie. Troch it ûngelok rieden der sneon oerdei gjin treinen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)