Trein Hearrenfean-Grins komt

21 feb 2008 - 14:06
  • Drachten krijt gjin sweeftrein, mar wol in regionale trein nei Grins en it Hearrenfean
  • Adema hat der alle betrouwen yn dat ek Drachten in stasjon krijt

Alle seinen foar in treinferbining tusken It Hearrenfean en Grins mei in stasjon yn Drachten steane op grien. Kommende moanne hat de provinsje hjiroer in ôfslutend petear mei it ryk. Neffens deputearre Adema binne alle finansjele swierrichheden út 'e wrâld, no't it ryk tasein hat de grutste kosten foar dit prokjekt fan 600 miljoen foar syn rekken te nimmen.

Boppedat mei de provinsje sels finansjele partisipanten oanlûke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)