Trein botst tsjin putdeksel

14 mrt 2011 - 11:01

By Wurdum is sneontejûn de trein fan Swolle nei Ljouwert tsjin in metalen putdeksel oanriden. It deksel moat mei opsetsin op it spoar lein wêze. De trein is nei de botsing troch de masinist stilset. Dy hat de trein dalik ynspektearre mar de trein rekke net skansearre. Dêrnei ried er troch.

Neffens Prorail wie it in kwestje fan gelok dat der net mear bard is. In trein kin slim fernield reitsje by sa'n botsing, mar in putdeksel kin ek lansearre wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)