Trein, auto en boat meitsje aanst gebrûk fan nije dyk Harns

12 nov 2015 - 21:27
  • Sa komt de nije dyk der aanst út te sjen
  • Oersjoch fan de nije ferkearssituaasje fan de N31 by Harns

De oanlis fan de nije N31 yn Harns is tongersdei offisjeel fan start gien. De dyk wurdt ferdûbele en ferdjippe oanlein oer in lingte fan 2 kilometer, sadat trein, auto en boat der oerhinne kinne. It projekt kostet 146 miljoen euro en moat yn 2017 klear wêze.

Oannimmer Ballast Nedam is al in skoftsje dwaande mei de tariedings. Ein novimber wurdt oan de noardkant fan it Van Harinxmakanaal úteinset mei de bou fan it akwadukt. Oan de súdkant wurde de kommende wiken bouwegen oanlein. Ferfolgens wurdt de súdlike oprit fan it akwadukt oanlein.

Guon omwenners hawwe soargen oer de feilichheid at der wurke wurdt oan de dyk. De oannimmers sizze dat der goed om tocht wurde sil. Learlingen fan de basisskoallen krije bygelyks foarljochting oer it projekt. Yn de les wurdt ferteld wêr't se ûnderweis fan hûs nei skoalle om tinke moatte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)