Treemter mooglik goedkeaper

29 jan 2005 - 16:52

De gemeente Gaasterlân-Sleat kin sealesintrum De Treemter yn Balk mooglik dochs noch goedkeaper oanskaffe. It kolleezje fan B&W hie mei de eigner in bedrach fan 340.000 euro ôfpraat, mar de gemeenteried fynt dat bedrach te heech.

It kolleezje moast fan de ried opnij ûnderhannelje oer de priis. De gemeenteried praat 8 febrewaris oer de ferkeap fan De Treemter. B&W wolle it sintrum nei de oankeap slope.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)