Tredde winst jong Hearrenfean

29 sep 2008 - 21:28
  • Paulo Henrique skoarde twa kear

Jong Hearrenfean hat moandeitejûn mei 3-1 wûn fan jong Vitesse. Op Sportpark Skoatterwâld krigen beide ploegen kânsen, jong Hearrenfean sprong dêr folle better mei om. Paulo Henrique sette yn de earste helte de Feansters op in 2-0 foarsprong. Nei it skoft waard it troch Donovan Deekman 3-0.

Keeper Agil Etemadi spile poerbêst, mar moast dochs noch ien kear belies jaan. Niklas Tarvajärvi, troch Hearrenfean ferhierd oan Vitesse, sette de einstân 3-1 op it boerd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)