Tredde winst Hajé Flyers

14 des 2008 - 21:08
  • Winst foar de Hajé Flyers op Amsterdam (foto Martin de Jong)

De Hajé_Flyers hawwe sneintejûn foar de tredde kear yn de nasjonale kompetysje wûn. Op it eigen iis waarden de Amstel_Tijgers fan Amsterdam mei 5-2 ferslein. De perioadestannen wiene 2-1, 2-1 en 1-0.

De doelpuntemakkers oan Feanster kant wiene Bert_van_den_Braak (2), T.J._Kelley (2) en Arthur_Fritch. De Flyers hawwe no 9 punten út 4 wedstriden. Allinne de wedstriid fan freedtejûn yn en tsjin Nijmegen waard krekt mei 4-3 ferlern.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)