Tredde winst Flyers yn 4 dagen

11 jan 2014 - 22:22

De UNIS Flyers ha de tredde winst yn fjouwer dagen helle. Nei de thúsoerwinningen op Eindhoven (6-2) en Geleen (9-0), waard no de útwedstriid tsjin Eindhoven mei 3-1 wûn. De thúsploech kaam op foarsprong troch Don Geerts. Kevin Bruijsten soarge yn de earste perioade foar de lykmakker. Jade Galbraith sette yn de twadde perioade de Flyers op foarsprong, Sander Dijkstra soarge mei in 'short-handed' goal yn de lêste perioade foar de einstân. De Flyers meitsje har no op foar de bekerfinale fan woansdei. Dan is yn Eindhoven Tilburg de tsjinstanner.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)