Tredde plak foar VVV-winkel

28 jan 2011 - 19:53

De VVV-ANWB winkel op De Jouwer is op 'e nij útroppen ta ien fan de bêste winkels yn Nederlân yn de saneamde Topstore kompetysje. De winkel op De Jouwer einige as tredde op in totaal fan fjirtich winkels.

Yn tsien jier tiid einige de VVV-ANWB winkel op De Jouwer mar leafst sân kear yn de top trije. De winkel hat ûnder oare in hiele goeie útstrieling. De VVV-ANWB winkel yn Venray hat wûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)