Tredde part kaartsjes FF fuort

18 aug 2008 - 16:42
  • Noch in soad kaartsjes beskikber....
  • De lokaasje fan Rite fan wetter

De kaartferkeap fan de foarstellings fan it Frysk Festival begjint no de gong wat yn te kommen. Sa´n 35 persint fan de kaarten is ferkocht. Foar guon foarstellings binne gjin kaarten mear te krijen. Fjouwer dagen foar it festival wurdt noch hurd wurke om alles klear te krijen.

Op ´e Hofmar by It_Heidenskip wurdt drok oefene foar it stik ´De rite fan it wetter´. De organisaasje hat goede hope dat der genôch publyk komt by de foarstelling.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)