Tredde oerwinning fan Cambuur

10 jun 2001 - 00:00

Cambuur hat sneontejûn de tredde oerwinning helle yn de neikompetysje. Yn it eigen stadion wûnen de Ljouwerters mei 4-2 fan Go Ahead Eagles. Foar rêst stie Cambuur noch mei 0-2 achter.

Nei rêst skoarden Bruin en Goudmijn elk twa kear. Trener Kruys hie in prachtige jûn hân. ,,No kinne wy woansdei mei 20 bussen nei Sparta ta.'' Dan is yn Rotterdam de finale fan de neikompetysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)