Tredde kear ynbraak drogist

30 jul 2008 - 17:10

In drogisterij yn Easterwâlde is tiisdeitenacht foar de tredde kear yn ien wike slachtoffer wurden fan ynbrekkerij. De dieder tikke in rútsje yn en naam ferskate djoere geurkes mei.

Ek moandeitenacht en ferline wike wie it al raak by dyselde drogist. Doe waarden der sigretten en parfum stellen. De plysje sil de winkel de kommende tiid ekstra yn 'e gaten hâlde en ropt ek omwenners op de eagen iepen te hâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)