Tredde hospice yn Fryslân iepene

27 nov 2003 - 00:00

Boargemaster De Boer fan Ljouwert hat freed in nij hospice iepene. Nei Snits en Harns is dit it tredde tehûs foar saneamde palliative soarch yn Fryslân. Yn in hospice wurde terminaal sike minsken opfongen. Se wurde 24 oeren deis begelaat yn it stjêrproses.

It stjêrhûs is fêstige yn it âlde Marcelis Goverts Gasthuis. Der binne fjouwer komfortabele apparteminten foar pasjinten en ek noch wurk- en kantoarromtes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)