Tredde fermiste bever ek fong

14 maaie 2004 - 00:00

De tredde bever dy't noch fermist waard út Aqua Zoo Fryslân by Ljouwert, is ek wer terjochte. It bist lei tongersdeitejûn te sliepen by de basisskoalle yn Wurdum en koe frij maklik fong wurde.

De bever wie al in pear dagen sjoen yn de omkriten fan Wurdum. Der wie sels al in fangkoai delsetten, mar it slagge de meiwurkers fan Aqua Zoo Fryslân yn earste ynstânsje net om de bever te fangen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)