Tredde ferlies fuotbalfroulju

08 sep 2012 - 13:07
  • Foarsitter Johan van Tuinen fan sakeklup OSSH op de nijjiersresepsje

De fuotbalfroulju fan SC Hearrenfean hawwe freed mei 3-1 ferlern fan kampioen en bekerhâlder ADO Den Haag. Yn Den Haach kamen de Feanster froulju krekt foar it skoft op in 1-0 efterstân. In goede redding fan keepster Roxanne van den Berg soarge der foar dat de skoare net ferdûbele waard yn it foardiel fan de thúsploech.

Fuort nei it skoft wie it wol opnij raak foar ADO. In eigen doelpunt fan de Haachse froulju soarge lykwols foar nije kriich by Hearrenfean. Pas yn de slotfaze makke ADO it tredde en ferlossende doelpunt.

Nei it ferlies tsjin Ajax en PEC Zwolle hat de ploech fan trainster Jessica Torny noch altyd gjin punten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)