Tredde ferlies foar Flyers

30 sep 2010 - 09:41

De iishockeyers fan de A6.NL Flyers hawwe ek harren tredde wedstriid yn de bekerkompetysje ferlern. Yn it Thialf-stadion wiene de Tilburch Trappers mei 6-2 te sterk.

De Flyers begûnen slap en kamen al fluch mei 2-0 achter. Fia goals fan Sander Dijkstra en Marco Postma kamen de Feansters noch yn de 1e perioade werom oant 2-2. De Flyers koene net trochsette en lieten it benammen yn de 3e perioade lizze. Dêrtroch koene de Trappers útrinne nei de úteinlike 2-6.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)