Tredde edysje Grut Hearrenfeansk Diktee

02 sep 2015 - 17:45

Op It Hearrenfean wurdt tongersdei 17 septimber de tredde edysje fan it Grut Hearrenfeansk Diktee hâlden. By dy gelegenheid wurdt ek bekend wa't de ferhalewedstriid om de Zilveren Pen wûn hat. It diktee is skreaun troch Rob Kerkhoven. It wurdt foarlêzen troch boargemaster Van der Zwan. Der hawwe harren al mear as tachtich minsken opjûn.

It diktee wurdt organisearre troch de Stichting Literaire Activiteiten Heerenveen, de Heerenveense Courant en de biblioteek. It wurdt hâlden yn de riedseal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)