Tredde edysje Fryslân Fernijt

12 jan 2011 - 17:15

Deputearre Galema hat woansdei it offisjele startsein jûn foar de tredde edysje fan Fryslân Fernijt. Dat hâldt yn dat der goed 4 miljoen euro oan provinsjaal jild brûkt wurdt om bedriuwen en organisaasjes te helpen fernijende produkten en konsepten op 'e merk te brengen.

De saken moatte binnen fjouwer tema's falle om foar it jild yn de beneaming te kommen. It giet om duorsume enerzjy, wetter, rekreaasje en toerisme en sûnens en âlder wurden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)